JOHANNES
Foar myn ôfstudearjen oan de regy-oplieding fan Keunstwurk krij ik de kâns
om in jûnfoljende foarstelling te regissearjen. Dit is in bysûnder momint
wêryn ik my as makker sjen litte kin en myn eigen styl en fisy presintearje
mei in folslein útwurke produksje.
Foar dit ôfstudearprojekt haw ik der bewust foar keazen om in
lokaasjeteaterfoarstelling te meitsjen yn Jannum. De foarstelling, mei de
titel Johannes 1943, is ynspirearre op it wiere ferhaal fan Johannes
Wassenaar en de kriich.
Mei dizze lokaasje as spylplak wol ik it ferhaal net allinne fertelle, mar ek
belibje litte. It publyk wurdt dêrmei ûnderdiel fan de sfear en de skiednis,
wat oanslút by myn styl as makker: ticht op de spilers, ferbûn mei de
lokaasje, en mei in sterke klam op belibbing en ynhâld.
Johannes 1943 is foar my net allinne in ôfstudearfoarstelling, mar ek in
wisk dy utkomt: teater op lokaasje meitsje.
Nijskjirrich? reservearje dyn kaart op www.johannes1943.nl
Toneelstuk "Johannes"
Gepubliceerd in
Startpagina
